Sven Kramer 6e op 1500 meter

14 feb 2009 - 16:05
  • Sven Kramer (foto: Martin de Jong)

Sven Kramer is sneon by de wrâldbekerwedstriden op It Hearrenfean sechde wurden op de 1500 meter. Hy kaam oer de streek yn 1.46,42. Troch dit resultaat giet Kramer nei de wrâldkampioenskippen yn Vancouver.

De 1500 meter waard wûn troch de Amerikaan Shani Davis yn in tiid fan 1.45,40. Enrico Fabris waard twadde en Trevor Marsicano pakte it brûns. De wrâldkampioenskippen ôfstannen begjinne op 12 maart yn Vancouver.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)