Sven Kramer 2e op NK tiidriden

09 jun 2004 - 00:00

Sven Kramer fan Aldskoat wie woansdei de iennichste Fries dy't it poadium helle by de Nederlânske Kampioenskippen tiidriden yn Bergeijk. Kramer waard twadde by de junioaren. By de froulju gie de oerwinning nei Mirjam Melchers. Fan 'e Friezinnen waard Josephine Groenveld 13de, Bertine Spijkerman 14de en har suske Marjon 22ste.

By de elite-manlju waard Germ van der Burg fan Folsgeare tsiende en Maint Berkebosch fan Aldeberkeap 13de.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)