Sven, Jorrit en Epke nominearre foar sportman fan Fryslân

10 jan 2015 - 07:16

Reedriders Sven Kramer en Jorrit Bergsma en turner Epke Zonderland binne nominearre foar de titel sportman fan it jier fan Sportgala Fryslân. By de froulju stride sylster Marit Bouwmeester, inline-skater Manon Kamminga en reedrydster Ireen Wüst om de Pim Mulier-priis. De achterfolgingsploech fan de reedrydfroulju, de shorttrack-relay-manlju en de follybalfroulju fan Snits meitsje kâns op de titel sportploech fan it jier.

De prizen wurde op 18 febrewaris ferdield. Publyk mei fan sneon ôf oant 31 jannewaris stimme. De sjuery beslist ek mei.

It panel bestiet út sportsjoernalisten fan de Fryske media, Afke Hylkema (fertsjintwurdiger Fryske sporten), fuotbaltrainer Gertjan Verbeek en sportorganisaasjes Sport Fryslân en Topsport NOORD.

Oare kategoryen en nominearren:
- Sporttalint: sylster Mirthe Akkerman, hurdfytster Aafke Soet, inline-skater Berber Vonk
- Hendikepte sporter: dressuerrydster Rixt van der Horst, hurdfytster Alyda Norbruis, swimmer Olivier van de Voort
- Fryske sporter: keatster Leonie van der Graaf, fierljepper Bart Helmholt, skûtsjesiler Douwe Visser Azn
- Sportstimulearingspriis 'leukste gymles': OBS De Kompagnonskoalle en CBS De Pream út De Knipe, CBS De Boustien út De Westereen en OBS De Kogge út Drylts.

Sportgala Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)