Sven, Jan en Koen winne maklik

21 feb 2014 - 14:58
  • De efterfolgingsploech mei Sven Kramer, Koen Verweij en Jan Blokhuijsen

De Nederlânske ploech op de efterfolging hie it yn de kwartfinale net dreech tsjin de Frânske ploech. De reedriders Sven Kramer, Jan Blokhuijsen en Koen Verweij setten 3.44.48 op de klokken, it Frânske trio Alexis Contin, Ewen Fernandez en Benjamin Macé kaam út op 3.53.18. Yn de heale finale om likernôch kertier oer fjouweren treft Nederlând Poalen. It is de tredde kear dat de ploege-efterfolging op it Olympysk programma stiet. Nederlân wûn yn Turijn en Vancouver beide kearen brûns.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)