Sven en Elma nei Vancouver

31 des 2009 - 14:41
  • KNSB wiist 14 riders oan wêrûnder Elma de Vries (foto: KNSB)

Sven Kramer en Elma de Vries binne wis fan dielname oan de Olympyske Spelen yn Vancouver. Dat hawwe it reedrydbûn KNSB en sportkoepel NOC*NSF tongersdei bekend makke. Kramer mei starte op de 1500 meter en de 5 en 10 kilometer. Elma krijt in startbewiis foar de 5 kilometer.

Yn totaal binne 14 reedriders no wis fan dielname oan de Spelen. De ôfrûne dagen waard yn Thialf it Olympysk kwalifikaasjetoernoai hâlden. Dêr koene tickets fertsjinne wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)