Sven bedankt mem yn spotsje

03 sep 2013 - 12:36
  • Sven Kramer, NK Allround, Thialf
  • Sven en mem Elli by de premjêre

Sven Kramer en syn mem Elli spylje de haadrol yn in nije kampanje yn de oanrin nei de Olympyske Winterspelen, takom jier yn Sochi. De kampanje 'Bedankt mam' is opsetten troch Proctor & Gamble, produsint fan konsuminteprodukten en waard yn it bûtenlân al ynsetten by eardere Olympyske Spelen.

Yn it spotsje fertelle de reedrider en syn mem oer de relaasje dy't sy ha troch de topsport. De kampanje gie tiisdei yn premjêre. Sven is grutsk op it resultaat, sa seit er op Twitter.

De Winterspelen yn Ruslân begjinne yn febrewaris 2014.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)