Svec fit foar duel tsjin PAOK

26 aug 2009 - 18:52
  • Michal Svec is fit genôch om tongersdeitejûn mei te spyljen
  • PAOK Saloniki traint woansdei yn it Abe Lenstra Stadion

Hearrenfeanspiler Michal Svec is fit genôch om mei te spyljen yn it Europeeske duel tsjin PAOK Saloniki. De Tsjech foel snein yn de wedstriid tsjin AZ út mei rêchklachten. Hy trainde tiisdei ek net mei, mar is no dochs fit genôch.

Viktor Elm en Roy Beerens kinne net meidwaan. Elm is noch hieltiid siik, wylst Beerens yn Grikelân in ankelblessuere oprûn. Hearrenfean-PAOK wurdt spile op tongersdei om 18.45 en is te folgjen op Omrop Fryslân radio.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)