SV Friesland bestiet 30 jier

08 maaie 2010 - 10:42
  • (Foto: Remco de Vries)

Hurdrinferiening SV Friesland fiert syn 30-jierrich bestean. Dat wurdt sneon dien mei in 30 kilometer lange tocht oer de Aldebiltdyk by Sint Jabik. Dy dyk is mei syn 14.500 meter de langste bewenne strjitte fan Nederlân.

De start fan de tocht wie om 11.00 oere. De ferwachting is dat der sa'n 300 minsken starte, 200 dêrfan hawwe har yn it foar opjûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)