Suzukimich pleaget fruitboeren

29 sep 2014 - 15:36
  • Suzukimich

Fruittylders yn Nederlân hawwe lêst fan de suzukimich. Yn Fryslân binne de earsten al slachtoffers wurden fan it michje.

It suzukimichje waard foar it earst yn Nederlân sjoen yn 2012. Hy liket op it gewoane fruitmichje. De suzuki is 2 oant 4 mm grut, hat reade eagen en in ljochtbrún lyfke. Dochs is de suzukifariant neffens de lân- en túnbou-organisaasje in stik lestiger. Hy is gek op farsk yn plak fan oerryp fruit. In goed bestridingsmiddel is der noch net. Yn Dútslân binne hiele rispingen ferlern gien troch de suzukimich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)