Suzanne Schulting wint treastfinale 1500 meter op WK

12 mrt 2016 - 07:55

Suzanne Schulting is sneon as achtste einige op de 1500 meter op de wrâldkampioenskippen shorttrack. Yn Seoul waard Schulting (18) nei in fal útskeakele foar de A-finale, mar yn de B-finale wie se de bêste. Dêrtroch hâldt Schulting ek kâns om de superfinale te berikken. Yn de treastfinale fersloech Schulting ûnder oare de Súd-Koreaanse favoryt Shim Suk Hee, de wrâldkampioene fan 2014. Yn de A-finale wûn Marianne St-Gelais út Kanada.

De shorttrackmanlju wiene minder súksesfol. Freek van der Wart waard sneon sechde yn de heale finale.

De oare Nederlânske riders wiene al earder útskeakele. De titel gie nei de Sinees Han Tianyu.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)