Suzanne Schulting is sels ferrast oer winst superfinale

13 mrt 2016 - 14:23
  • Suzanne Schulting

Shoarttrackster Suzanne Schulting is ferrast oer har oerwinning yn de superfinale op it WK yn Seoul. "Ik had niet in de gaten of de rondetelling goed was gegaan, dus toen ik over de finish kwam had ik niet direct in de gaten dat ik gewonnen had", seit de Friezinne tsjin Omrop Fryslân. "Dit voelt echt super gaaf. Dit was mijn plan, om een rondje te pakken. Als je dan een rondje hebt dan moet je voor de winst gaan."

Schulting makke har debút op it WK shorttrack yn Koreä en slút dat ôf mei in fyfde plak.

Bûnscoach Jeroen Otter fan de Nederlânske shorttrackploech is tige wiis mei de prestaasjes fan Schulting, mar foar him wie it gjin ferrassing. "Echt een verrassing is het niet, maar het is wel een wereldkampioenschap. Er staat natuurlijk veel druk op, iedereen is in topvorm. Maar dat ze de superfinale wint is natuurlijk prachtig, dat had je niet kunnen verzinnen van te voren."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)