Suzanne Schulting begjint goed oan WK shorttrack yn Seoul

11 mrt 2016 - 07:53
  • Suzanne Schulting

Suzanne Schulting fan De Tynje is goed begûn oan it WK shorttrack yn Koreä. Schulting pleatste har freed foar de kwartfinales op de 1500 en de 500 meter. Op de 1500 meter, Schulting har favorite ôfstân, waard se twadde yn har heat achter de Sinese Yihan Gao. Ek op de 500 meter kaam Schulting troch twa foarrondes. Letter op de dei wûn se har searje op de 1000 meter.

De Fryske manlju binne minder súksesfol yn Seoul. Itzhak de Laat en Dennis Visser kamen net troch harren foarrondes.

De Laat út Ljouwert en Visser fan De Lemmer binne beide foar it earst op it wrâldkampioenskip. Troch blessueres ûntbrekke Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)