Suzanne is de bêste foarlêzer

19 apr 2006 - 15:19

Suzanne Borghart fan Ljouwert kin it beste foarlêze fan Fryslân. Yn skouboarch De Lawei yn Drachten wûn se de provinsjale foarronde fan alve oare bern. De bern komme út de groepen sân en acht fan it basisûnderwiis. De Fryske winneres mei no meidwaan oan de nasjonale foarlêswedstryd op woansdei 17 maaie yn Utrecht. De wedstryd is in initsjatyf fan de Stichting Lezen en de iepenbiere bibleteken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)