Suveringsynstallaasje fernield

05 mrt 2007 - 10:07

Fandalen ha fan 't wykein in suveringsynstallaasje yn Burdaard fernield. Se ha roasters yn it bassin smiten en fan in mjitsensor de kabels stikken lutsen. De skea rint yn de tûzenen euro's.

It terrein fan de suveringsynstallaasje is gefaarlik gebiet, sa warskôget de plysje. Yn de bassins stiet in swiere streaming en it wetter is bot fersmoarge. De ynstallaasje is alwer makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)