Suvelreklame soe oars moatte

21 aug 2012 - 14:01

Foar gewoane molke moat wer mear omtinken komme. Dus net molke mei ekstra calcium, meagere molke of molke dy't ekstra goed is foar jo termfloara. Dat seit directeur Research en Development Emmo Meijer fan FrieslandCampina. Neffens him is yn reklamekampanjes de ôfrûne jierren te bot de klam lein op molke mei ekstra's wylst dy de molke hielendal net better meitsje, ek al fertelle de kampanjes dat wol sa.

Neffens Meijer is troch dy kampanjes it idee ûntstien dat der wat mis is mei gewoane molke wylst dat eins it bêste produkt is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)