Suvelprizen sakje fierder

20 aug 2014 - 15:30
  • Molkpoeier wurdt goedkeaper, mar noch net yn de winkel....

No't Ruslân fuortfallen is as ôfsetmerk, sakket de priis fan bûter en molkpoeier hieltiid fierder. Dat docht bliken út de notearrings fan suvelprodukten fan it Produktschap Zuivel. Hûndert kilo farske bûter kostet no 320 euro, 15 euro minder as in wike lyn. 100 kilo meagere molkpoeier foar minsklike konsumpsje kostet no 215 euro, 25 euro minder as in wike lyn.

Neffens in wurdfierder fan it produktskip sil de delgeande trend foarearst oanhâlde. Neffens him wurdt der op dit stuit tefolle molke produsearre.

De konsumint fernimt foarearst noch net folle fan de legere prizen, omdat de suvelyndudstry mei langrinnende kontrakten wurket. It kin sadwaande wol inkelde moannen duorje, foardat de prizen ek yn de supermerk omleech geane.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)