Suvelmerk yn swier waar: herstel noch net yn sicht

06 aug 2015 - 20:08
  • Tsiispakhûs Aware op It Hearrenfean

De suvelmerk sit yn swier waar en it is noch net te sizzen wannear't it wer better wurdt. De molkprizen stean ûnder druk en boeren leverje te folle molke foar de fraach dy't der is. Dat seit wurdfierder Rob van Dongen fan suvelreus FrieslandCampina.

Van Dongen reagearret op sinjalen dat der sprake is fan in tsiisoerskot mei folle pakhuzen en druk op de tsiisprizen. Neffens Van Dongen falt dit wol wat ta omdat der yn de simmer altyd mear tsiis yn de pakhuzen leit.

Mar it oerskot fan molke en de fermindere fraach nei suvelprodukten op de wrâldmerk is wol soarchlik fynt hy. Van Dongen neamt it in lestich dilemma dat in soad boeren sûnt de ôfskaffing fan it molkkwotum bot ynset ha op in hegere produksje. Boeren tinke faak fanút harren yndividueel belang. Mar dat is net altyd goed foar de totale suvelsektor. Op dit stuit soe it better wêze dat boeren minder molke leverje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)