Suvelkonserns benaud foar fúzje fan DOC

27 apr 2015 - 15:21
  • Tsiispakhûs Aware op It Hearrenfean

Suvelbedriuw A-ware Food Group en molke leveransier DeltaMilk wolle net dat tsiismakker DOC út Hoogeveen yn hannen falt fan it Dútske DMK. Se fine dat in minne saak foar de Nederlânske melkfeehâlderij en tsiissektor. By DOC binne ek ferskate Fryske boeren oansletten.

Neffens foarsitter Teunis Sterk fan DeltaMilk sille de molkprizen yn Nederlân troch in fúzje sakje omdat yn Dútslân twa oant fjouwer sinten minder foar de molke betelle wurdt. Ek sjocht hy risiko's foar de namme fan Nederlânske tsiis.

DOC makke foaral Goudske tsiis en dy hat gebietsbeskerming. De by DOC oansletten boeren moatte meikoarten stimme oer de fúzjeplannen. In wurdfierder fan de DOC neamt de opstelling fan A-ware en DeltaMilk, yn in reaksje by de NOS, ûnsin. Neffens him feroaret der neat troch de fúzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)