Suvelkonsern siket boeren

03 sep 2007 - 12:56

Suvelkonsern Lyempf yn Kampen siket boeren yn it suden fan Fryslân dy't molke oan it fabryk leverje wolle.

Op dit stuit keapet Lyempf syn molke noch by oare suvelorganisaasjes yn, mar it fabryk wol dat fan takom jier ôf rjochtstreeks by de boeren dwaan. It fabryk, dat ûnder oare iten foar baby's makket, kin de kwaliteit fan de molke dan better yn 'e gaten hâlden. Boppedat is der ferlet fan mear molke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)