Suvelfabryk Wommels sloopt

17 okt 2000 - 09:51

It suvelfabryk yn Wommels wurdt sloopt. Derfoar yn it plak komme wenningen en apparteminten. Yn 1892 draaide it fabryk foar it earst. Der waard foaral tsiis makke. Tolve jier lyn gongen de doarren definityf ticht.

De lokaasje is geskikt foar wenningbou om't it fabryk yn it midden fan it doarp stiet. It projekt kostet 16 miljoen gûne en begjin 2001 wurdt mei de bou begûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)