Suvelfabryk hast asbestfrij

10 jan 2007 - 15:02

It asbest yn it eardere suvelfabryk yn Burgum is nei ferwachting dizze wike opromme. It asbest bûtendoar giet woansdei fuort en it âlde tsjettelhûs wurdt sa ôfsluten dat it asbest der net út kin.

It asbest kaam frij by ynterne sloopwurksemheden. De gemeente hat it terrein ôfset. Undernimmers dy't dêr harren bedriuw hawwe, kinne nei ferwachting ein dizze wike wer oan 'e slach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)