Suvel hat lêst fan boycot

10 mrt 2006 - 13:44

De boycot fan suvelprodukten út Denemarken troch de kartoonrel rekket suvelkonsern Friesland Foods ek. De Arabyske wrâld wol sa protesteare tsjin islam-ûnfreonlike kartoons. Dêrtroch is de suvelmerk ynstabyl en de prizen stean ûnder druk. Dat komt ek omdat yn Denemarken gewoan molke levere wurdt, wylst de fraach minder wurden is.

Foarsitter Dahlhaus fan Friesland Foods wol yn 'e mande mei de oare Europeeske suvelfabrikanten in oplossing sykje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)