Sutelwykein yn plak fan aksje

08 maaie 2009 - 12:06
  • De sutelaksje wurdt oars

De sutelaksje fan Stichting it Fryske boek sil feroarje. It ferkeapjen fan Fryske boeken by de doarren del yn kroaden bliuwt foar in part wol bestean, mar dan yn modernere foarm.

It wurdt in soarte fan kulturele karavaan mei muzyk en teater, oan de aksje keppele. De aksje is dan yn minder doarpen. Dêr't wol sutele wurdt, sille dan ek mear aktiviteiten wêze. De âlde Sutelaksje wurdt dizze hjerst noch hâlden. Takom jier soe de nije aksje út ein sette moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)