'Suteltsjinst moat ophâlde'

03 feb 2004 - 00:00

Boargemaster De Boer fan Ljouwert wol in ein oan de suteltsjinsten fan alkohol en softdrugs. Justysje moat dat neffens har oanpakke. In bedriuw út Ljouwert bringt op bestelling tsjin lege prizen alkohol en tabak oant 03.00 oere by minsken thús.

De hoareka fynt dat ûnakseptabel om't minderjierigen sa oan drugs komme kinne. It suteljen mei drugs is ferbean. De suteltsjinst foar softdrugs is foarearst net fan doel op te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)