Sutelaksje wer fan start

05 sep 2008 - 20:47

Yn de kommende wiken binne 1700 frijwilligers wer aktyf om yn 125 doarpen Fryske boeken oan de man te bringen.

Freedtejûn is yn Stiens de jierlikse Sutelaksje foar it Fryske boek fan start gien. Nei taspraken fan skriuwers en fan foarsitter Geersing fan de Stifting It Fryske Boek wie it safier. Frijwilligers en skriuwers giene mei in kroade fol boeken by de doarren lâns om safolle mooglik Fryske boeken te ferkeapjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)