Sutelaksje tefreden ôfsletten

13 okt 2007 - 17:13

Sneon is de sutelaksje fan Stichting it Fryske Boek ôfsluten mei de Boekemerk yn Drachten. It is wer goed gien mei de ferkeap fan boeken fanút de kroaden. Dat yn tsjinstelling ta berjochten dizze wike, dat de ferkeap fan Fryske boeken yn boekhannels en de útlien yn biblioteken, achterút rint.

Durk Hibma fan It Fryske Boek is lykwols like tefreden as oare jierren. Wol binne it faak âlderen dy't boeken keapje, de jongerein wurdt min berikt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)