Sutelaksje ôfsletten

23 okt 2005 - 15:04

Mei de Sutelaksje fan stichting it Fryske Boek binne dit jier opnij goed 25.000 boeken ferkocht. De aksje waard sneon ôfsletten; dat gebeurde tradisjoneel yn it sintrum fan Drachten. De ferkeap fan Fryske boeken hat goed 210.000 euro opbrocht.

Benammen de boeken fan Riek Landman en Wieke de Haan waarden goed ferkocht. Der bliuwe lykwols noch hieltyd sutelders nedich. Benammen yn grutte plakken rint it tal frijwilligers werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)