Sutelaksje mooglik dochs werom

07 jul 2010 - 21:54
  • Tresoar wurket gear mei de stichting It Fryske Boek

De sutelaksje fan de Stichting It Fryske Boek komt mooglik dochs werom. Oan de ferkeap fan Fryske boeken mei in kroade by de doarren lâns kaam ferline jier in ein, mei omdat der te min sutelers wiene.

De stichting hat yntusken gearwurking socht mei Tresoar yn Ljouwert en mei-inoar organisearje se yn septimber de moanne fan de Fryske literatuer. Dêrneist wurdt der dus neitocht oer oare aksjes foar de promoasje fan Fryske boeken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)