Sutelaksje komt werom

16 okt 2013 - 22:46

De sutelaksje, de ferkeap mei kroaden fol Fryske boeken, komt werom. Op njoggen novimber sil yn trije doarpen -Bitgum, Bitgummole en Ingelum- Fryske skriuwers by de doarren del. Dat hat in selskip fan in goeie tweintich skriuwers woansdeitejûn besletten. Neffens har binne Fryske boeken yn de boekwinkels sa goed as net te krijen.

Ek aksjes as de Boekemerk, sa't dy ôfrûne sneon yn Drachten hâlden waard, smite mar in bytsje belangstelling op.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)