Sutelaksje ek yn oktober

14 sep 2014 - 11:47
  • Sutelaksje yn Feanwâlden

De kâns is grut dat nije Sutelaksje mei Fryske boeken yn oktober noch trochgiet. Dat seit foarsitter Ferdinand de Jong fan Tsjil. Dat is de stifting dy't de nije Sutelaksje opset hat. De ferkeap soe earst oant ein septimber duorje, mar der binne noch mear doarpen dy't meidwaan wolle.

Yn de doarpen wurde Fryske boeken troch frijwilligers ferkocht. De organisaasje yn de doarpen krijt 20 persint fan de omset. Tritich frijwilligers sutelen sneon yn Feanwâlden. Dêr is foar inkelde tûzenen euro's ferkocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)