Sutelaksje bringt minder op

18 okt 2008 - 16:38
  • De boekemerk yn Drachten
  • Gesellichheid op it Frânske Plein

De sutelaksje fan It Fryske Boek hat ek dit jier minder jild opbrocht. De opbringst lei fiif jier lyn noch goed boppe de twa ton. De lêste jierren wurdt it minder. Dit jier stiet de teller op 190.000 euro.

Neffens de organisaasje leit it dit jier grif oan de finansjele krisis yn de wrâld. Dat is by de boekferkeap goed te fernimmen. Op it Frânske Plein yn Drachten pakten de Fryske skriuwers sneon har lêste kâns om noch wat boeken te ferkeapjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)