Susanne punkwiif fan it jier

18 des 2005 - 13:44

Susanne Clermonts út Grins wûn freed yn Drachten de ferkiezing 'Punkwiif 2005' yn jongereinsintrum Iduna. De trije dielnimsters moasten in gitaar stikken beuke, luchtgitaar spylje en stagedive.

De trije dielnimsters joegen ek in optreden mei harren eigen band. Neffens de sjuery wie Suzanne de beste. Susanne studearret oan de popakademy en sjongt by de punkband My Sister Harold. Neffens de oanwêzigen by de ferkiezing hat Fryslân in libbene punkscene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)