Survivaltocht fan start

12 jun 2003 - 00:00

De Dutch Best Adventure Race is in meunstertocht fan goed 350 kilometer. Dizze survivaltocht hat syn oarsprong yn Gelderlân en is woansdeitejûn fan start gien. Sa'n 70 dielnimmers binne fjouwer dagen efter inoar rinnend, fytsend en mei de kano ûnderweis.

Foar it earst yn it bestean fan de tocht wie de start net yn Ede, mar yn Ljouwert. De tocht is in wiere slitaazjeslach. Grinzen ferlizze is de driuwfear foar de dielnimmers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)