Survivalbaan K'tille fernijd

01 sep 2012 - 13:02
  • Survival
  • survival
  • survival

It is de moaiste survivalbaan fan Nederlân. Dat fine de leden fan de survivalklup Koatstertille. Sneon waard harren nije hindernisbaan offisjeel iepene. In perioade fan ûnwissichheid wurdt dêrmei ôfsletten. It fuortbestean fan de feriening stie faai, neidat se it âlde plak ferlitte moasten fanwege natuerbeswieren.

Mei finansjele stipe fan de gemeente waard in nij plak fûn en dat docht fertuten. It tal leden is groeid fan 160 nei 240 en dat komt mei troch de nije lokaasje, sa tinkt de survivalklup.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)