Surventohal krijt springkûle

11 apr 2013 - 14:36

Yn de Surventohal fan Surhústerfean komt mooglik in turnspringkûle. De gemeenteried fan Achtkarspelen wurdt frege om in kredyt fan 70.000 euro beskikber te stellen. De turnspringkûle kostet hast 90.000 euro, mar ûnder oare pleatslik belang en de Poiesz betelje mei. De springkûle sil ek ferhierd wurde en dat smyt ek ynkomsten op. Sa'n springkûle wurdt brûkt om yngewikkelde oefenings te trainen. De turners falle yn sa'n kûle altyd sacht.

No moatte ferienings yn Achtkarspelen noch nei It Hearrenfean as se oefenje wolle yn in turnspringkûle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)