Surséanse foar Interay Burgum

17 jun 2006 - 12:07

De rjochter hat it bedriuw Interay út Burgum útstel fan betelling jûn. By Interay wurkje tweintich minsken dy't kompjûters meitsje foar de yndustry. Interay hat grutte ynternasjonale bedriuwen lykas Philips, KPN, Saab en Motorola as klant.

De finansjele problemen binne ûntstien trochdat by it meitsjen fan in nije kompjûter te min omtinken jûn is oan de ferkeap en marketing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)