Surseânse foar De Jong

09 feb 2007 - 11:19

De rjochtbank hat ynstallaasjebedriuw Jan_de_Jong yn Ljouwert útstel fan betelling ferliend. It bedriuw moat noch in ton oan iepensteande rekkens betelje, mar hat dêr it jild net foar.

De problemen by De_Jong ûntstiene ûnder oare troch it fallissemint fan it Frina_Palace yn Snits, De_Jong rûn dêrtroch in flinke betelling mis. By it ynstallaasjebedriuw wurkje tolve minsken. De bewâldfierder tinkt dat der wol takomst is foar it bedriuw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)