Surinaamske plysjesjef op besite

04 apr 2006 - 12:52

Plysjekorpssjef Braam fan Suriname bringt woansdei in wurkbesite oan de plysje Fryslân. De jeugd sil hjirby sintraal stean. Der sil dêrom ûnder mear sjoen wurde by de Antifandalismebus fan Arriva en wurdt der in besite brocht oan in ferhoarstudio foar minderjierrigen en it jeugdtraumasintrum.

De wurkbesite fan de Surinaamske plysjesjef oan Fryslân is ûnderdiel fan in 14-daagse wurkbesite oan Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)