Surhústerfeanster fermist

13 okt 2000 - 11:35

De 51-jierrige Fokke van der Heide fan Surhústerfean wurdt sûnt woansdeitejûn fermist. Van der Heide is epileptysk en hat mooglik in tafal hân.

Van der Heide is 1.80 lang, slank en hy hat blond hier. Opfallend is dat er in pleister op 'e holle hat. Hy droech op it momint fan ferdwinen in spikerbroek en in grienblauwe jas. Wa't him sjoen hat wurdt frege mei de plysje te beljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)