Surhústerfean krijt skatebaan

29 apr 2005 - 17:52

De nije skatebaan yn Surhústerfean moat komme op it terrein oan De Wyk-De Omloop yn it suden fan it doarp. Dat hat de gemeenteried fan Achtkarspelen tongersdeitejûn besletten. De ried koe kieze út acht lokaasjes.

Earder sneuvele it plan om de skatebaan by it parkearterrein fan it sportpark De Ketting oan te lizzen. De omwenjenden wiene dêr fûl op tsjin. De wethâlder sil noch wol oerlizze mei de omwenjenden fan de nije lokaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)