Surffestival op It Amelân

24 maaie 2008 - 15:41
  • Op It Amelân is muzyk..
  • ... en genôch kâns om te surfen

Op It Amelân is dit wykein in grut surffeest. Hûnderten surfers út it hiele lân komme nei Nes foar it Mad Nes Festival. Oerdeis kinne besikers surfe en jûns is der live muzyk.

It festival is betocht troch in pear strânwachten dy't fakânsjewurk dogge op it eilân. Se hoopje dat it in jierliks evenemint wurde kin. Der is wol genôch belangstelling, ek fan de eilanners sels. It festival duorret oant en mei snein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)