Surfers traine op Frysk wetter

19 jul 2010 - 19:56
  • Foto's: Omrop Fryslân

Seis ynternasjonale surftoppers traine dizze wike mei in tocht oer de Fryske wetters. As tarieding op de wrâldkampioenskippen oer seis wiken sile se in tocht fan fjouwer dagen troch Fryslân.

Olympysk kearnploechlid Dorian van Rijsselberghe hat syn trainingsmaten út Nij-Seelân, Frankryk, Spanje en Kanada útnoege. Snein is de groep fan Medemblik yn ien haal nei Heech surfd. De slûs fan Starum binne de surfers ek op de planke passeard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)