Supportersrellen op it Fean

23 mrt 2008 - 08:03

Yn it sintrum fan it Hearrenfean hat sneontejûn in fjochtpartij west tusken supporters fan SC Hearrenfean en Roda JC. De fjochterij wie foarôfgeand oan de wedstryd tusken de twa clubs by in kroech oan de Koemarkt.

De plysje moast ynset wurde om in ein te meitsjen oan de fjochtpartij en om foar te kommen dat mear supporters har der mei bemuoiden. Der binne gjin supporters oppakt. Hoewol't der flink slein waard rekke nimmen slim ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)