Supportersferiening Harkema komt mei aksje tsjin rasisme

07 mrt 2016 - 10:34
  • Pernelly Biya en skiedsrjochter Gert Keijl nei it ynsidint

De supportersferiening fan Harkemase Boys is net bliid mei de aksje fan de taskôger ôfrûne sneon ûnder de wedstriid tsjin VVOG. De man soe yn de slotfaze fan de wedstriid apelûden makke ha tsjin in donkere spiler fan VVOG.

De supportersferiening praat tongersdeitejûn oer in aksje wêrmei't de supporters oanjaan wolle dat dit soarte fan gedrach net kin. Neffens Ferdinand Zaal fan de feriening hat de man it wurk fan de lêste jierren om Harkemase Boys posityf op de kaart te setten, foar in part ûngedien makke.

Neffens Zaal is it ferhaal benammen yn de lanlike media wol sa oansetten dat de ienmansaksje syn weromslach hat op de hiele klup. Hy fynt dat net terjochte. ''It jout wol oan hoe kwetsber je as feriening eins binne'', seit Zaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)