Supporters wolle sfear ôfblaze

21 maaie 2009 - 17:01

De supportersklup 'Kern van Cambuur' tinkt deroer nei om de sfearaksjes yn it stadion ûnder de wedstriid tsjin FC Zwolle ôf te blazen. Dat yn ferbân mei it ferstjerren fan Jan_Riedstra. De supporters soene grut útpakke foar de play-offwedstriid mar fine dat no net passend.

Foar guon supporters hoecht de wedstriid net mear spile te wurden. Al soe in oerwinning wol in moai earbetoan wêze oan Riedstra, sa seit Roelof Herder fan de supportersklup.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)