Supporters H'fean opsternaat

25 okt 2009 - 21:22
  • Ek de trouwe Feanfans wurde hieltyd kritysker...

Supporters fan SC Hearrenfean hawwe sneintejûn de spilersbus opwachte nei it 4-1 ferlies yn Tilburch tsjin Willem II. Sa'n 70 fans gongen yn petear mei in tal spilers en trainer Jan de Jonge.

De plysje en in oantal stewards wiene oanwêzich en hiene dranghekken pleatst om derfoar te soargjen dat it rêstich bleau. Der kaam dan ek gjin opskuor. Hearrenfean hat in minne start yn de earedivyzje en stiet nei 11 wedstriden op it foarlêste plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)