Supporters ferneame klaaikeamers

06 des 2006 - 12:50

De klaaikeamers fan sc Cambuur binne troch de supporters ferneamd nei âldspilers fan de klub. Fia de ynternetside fan 'e supportersferiening koe der stimd wurde op nammen fan âldspilers.

De spilers fan it earste alvetal kinne harren tenei omklaaie yn 'e Jan Bruin keamer. Oare klaaikeamers ha no de nammen fan Jaap Stam, Fred Grim en Koko Hoekstra. De parsekeamer wurdt de Johan Abma keamer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)