Supporter moat boete betelje

18 okt 2012 - 11:09
  • Justysje

It gerjochtshôf yn Ljouwert kin him net fine yn de arguminten dy't in Cambuur-supporter ynbrocht hat tsjin in eardere feroardieling. De man krige in boete oplein om't er yn 2005 by de wedstryd VVV-Cambuur wie wylst er in stadionferbod hie. Hy brocht dêr tsjin yn dat net dúdlik oanjûn stie dat de regels fan in stadionferbod ek jilde by de bewuste wedstriid, en dat er troch de plysje twongen wie it stadion yn te gean.

It gerjochtshôf fynt dat foar beide arguminten gjin bewiis is. De man moat dêrom noch de boete fan 5.000 euro betelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)