Sûpkeet Koudum bliuwt iepen

18 okt 2011 - 22:18

De sûpkeet 'De Trochsetters' by Koudum mei iepen bliuwe. De gemeente SWF is troch de beswierskriftekommisje yn it ûngelyk steld doe't se de keet slute woene. Dat kin grutte gefolgen hawwe foar alle 60 keten yn de gemeente SWF, sa tinkt Jan Droogsma fan 'De Trochsetters'. Want de sûpketen falle neffens him no ûnder de nije wet WABO en hawwe dêrom rjocht op in fergunning.

Droogsma en syn maten hawwe der trije jier mei ûnder de pannen west.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)