Superstonede automobilist

20 apr 2008 - 15:29

Yn Ljouwert is in autobestoerder (30) oanhâlden foar it riden ûnder ynfloed fan drugs. De man foel op omdat er op 'e Oostergowei mei de auto heal op 'e busbaan stie. Hy lei heal op 'e passazjierstoel en de plysjes hiene muoite him wekker te krijen.

De bestjoerder joech ta dat er in joint smookt hie. Hy krige in prosesferbaal en moast op it plysjeburo in bloedproef ûndergean. Nei tolven mocht er wer op hûs oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)